Kollum: "Scooter"

"Hjir yn Amsterdam moatte fan moandei ôf de scooters fan it fytspaad ôf, de rydbaan op. Boppedat moatte se dêrby in helm op sette. De Amsterdamske fytspaden binne drok en de scooters binne relatyf grut, swier en gean te hurd. Boppedat blaze se harren tige smoarge útlitgassen rjochtstreeks yn 'e mûle fan de sportive fytsers op datselde fytspaad. Ik bin der wiis mei.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
In jier lyn barde itjinge dêr't ik al in skoftke benaud foar wie: ik waard op 'e fyts, op it fytspaad, ûnderútriden troch in scooter. Soks bart wûnderlik fluch. Hy snijt my ôf en foardat ik it wist lei ik langút op strjitte, mei in seare knibbel en hân. Myn hân bliek net brutsen, mar ik ha der wikenlang pine oan hân en pas nei twa djoere fysiosesjes, dy't ik nearne deklarearje koe, wie it wer yn oarder. Dus ik kin net wachtsje oant it sa fier is, dat de scooters fan it fytspaad ôf gean.
Mar in pear fan de scooterriders tinkt dêr oars oer. Sa wie der ferline wike in demonstraasje op de Dam. In scooterrider sei doe dat se tsjingas jaan wolle - letterlik. Der is in protestliet makke, dêr't boargemaster Halsema yn útnûge wurdt om efterop in scooter te springen. Moandei gie in proteststoet troch de stêd en dy gie doe ek even de Ring A10 op. Se hiene - hiel tûk - in pûdsje om harren kenteken bûn, sadat se net efterôf beboete wurde kinne.
As immen dy't yn 'e stêd in protte kilometers fytst, docht it my neat. Want it is dochs echt foarby. De gemeente hat ûndersyk dien, en dêr kaam út dat dit de feilichste beslissing is. En dat is foar gjin inkelde Amsterdammer in ferrassing.
Yn 2008 wiene der yn de haadstêd 11.000 scooters, sa meldt stedsomrop AT5. Tsien jier letter wiene dat der mear as trije kear safolle. Se ride hurder as fytsers, en dy wurde dus op it fytspaad hieltyd oan 'e kant toetere.
Ast dan net oan 'e kant giest, kinst rekkenje op net al te freonlike wurden, of wurdst ôfsnien. Dat soarte fan aksjes wurdt fansels mar troch in lyts diel fan de scooterriders úthelle, mar dy ferpeste it foar elkenien. En no gean se mar moai tusken de auto's riden. Om oan 'e kant toetere te wurden troch gruttere en swierdere masinen, dy't hurder ride as sy. Witte se ek hoe't dat is.
En ja, dat is al sneu foar in pear minsken. Mar sis dan mar hoe't it al moat? Sa binne we ea oan maksimumsnelheden foar de autodiken kaam.
Ik moat sizze dat ik net sa goed begryp wêrom't minsken yn Amsterdam sa'n scooter hawwe. Alles kinst hjir fytse; it waait hjir folle minder as op it plattelân en mear as dy oardel meter fan in brêge hoechst hjir ek net te klimmen. En ast echt oan 'e oare kant fan 'e stêd wêze moatst, dan kinst altyd wol mei in tram. Dus wêr brûkst him dan foar? Om nei de sportskoalle te gean?
35.000 scooters yn in stêd dy't al krap is; de útstjit fan in scooter is folle slimmer as dy fan in auto; se ride hurd, soms asosjaal en se binne swier, dus ferliest it as fytser altyd fan dy kringen. As ien seit dat er in scooter hat, dan sjoch ik him dochs wat meilijich oan. Net om persoanlike redenen, mar om de púnheap dy't se fan de Amsterdamske fytspaden makke hawwe.
Hilarysk wie in stik hjiroer yn 'e Volkskrant fan koartlyn: de prizen fan twaddehânsk scooters geane ûnderút, om't minsken harren scooters massaal fan 'e hân dogge. Se geane wer fytsen, want, sa tekene de krante op, in helm ferpest it kapsel. Nea tocht dat idelheid nochris oansette koe ta miljeufreonlik gedrach."