Famylje-ûnderfiningssaakkundige hat oandacht foar neiste omjouwing yn mantelsoarch

04 apr 2019 - 08:14

Ien fan de aspekten fan de mantelsoarch is de soarch foar partners, famylje en freonen fan minsken mei psychyske klachten. Dat kin hiel swier wêze foar de omjouwing fan de pasjint. Om te soargjen dat dizze minsken harren ferhaal kwyt kinne, hat de GGZ yn Fryslân in famylje-ûnderfiningssaakkundige oan it wurk.

Foto: Omrop Fryslân

Underfiningssaakkundige Lieneke van der Bij

Lieneke van der Bij fan Surhuzumer Mieden hat út eigen ûnderfining meikrigen dat alle oandacht nei de pasjint giet, wylst it foar de omjouwing ek hiel swier is. Famylje en freonen moatte neffens Van der Bij, lykas de pasjint, ek werstelle. Sy kin dêrby stypje, benammen troch it ferhaal fan harren oan te hearren.

Minsken dy't behoefte ha oan de tsjinsten fan de ûnderfiningssaakkundige, kinne dat fia it helpteam dat harren begeliedt, oanjaan.

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(advertinsje)
(advertinsje)