Personiel en learlingen Dockinga College moatte op 'e syk nei in nij plak

04 apr 2019 - 07:34

Noch inkelde moannen en dan is it dien mei it middelber ûnderwiis yn it doarp Ferwert. De fêstiging fan it Dockinga College dêr sil mei yngong fan kommend skoaljier de doarren slute. De âlden fan de noch goed hûndert learlingen fan de skoalle binne woansdeitejûn bypraat oer de gefolgen foar harren bern.

"Wat bij de bijeenkomst erg goed te merken was, was de teleurstelling bij de ouders, maar ook boosheid en andere emoties. Dat we gaan sluiten, werd niet met applaus onthaald", fertelt bestjoerder Geert van Lonkhuyzen.

Guon bern sille oer nei in oare lokaasje fan it Dockinga College, mar der binne ek âlden dy't harren bern nei in folslein oare skoalle stjoere wolle. "Wat wij tegen de ouders en kinderen zeggen, is: kies alsjeblieft voor een vervolg dat bij je past."

Direkteur Ivo Omlo en bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga Kolleezje - Foto: Omrop Fryslân

Dockinga-bestjoerder Geert van Lonkhuyzen

De binne neffens Van Lonkhuyzen trije redenen foar it sluten fan de skoalle. "De eerste is dat we, met het lage aantal kinderen dat we nu overhouden - dat zouden er na de zomervakantie nog minder dan honderd zijn - vinden dat we de kwaliteit van onderwijs niet meer goed kunnen waarborgen.

De tweede is dat de werkdruk van het personeel ontzettend groot wordt. Want die moet natuurlijk, om die kwaliteit toch nog zo ver mogelijk op te krikken, zich werkelijk het vuur uit de sloffen lopen.

De derde is een hele platte: dat is het geld. Als een nevenvestiging onder een bepaald aantal leerlingen komt, dat is 120, krijgt die niet meer extra bekostigd van het ministerie. En dat zou betekenen dat we die kosten voor eigen rekening zouden moeten gaan nemen".

Krimp

It weromrinnende learlinge-oantal soe komme troch de krimp yn it Noarden. Dêrneist soene guon âlden har twivels hawwe by de skoalle, fanwegen it reorganisaasjenijs earder dit jier.

Personiel

It personiel fan it Dockinga College makket diel út fan in grutter personielsbestân. "De werkgever is daarvoor volledig verantwoordelijk. We gaan voor elk van de personeelsleden kijken wat de meest passende oplossing is." Twongen ûntslaggen kin Van Lonkhuyzen noch net útslute.

Foto: google streetview
(advertinsje)