Harnzer bedriuw set mei oaljesûger yn op grutte Arabyske oarder

04 apr 2019 - 06:33

It Harnzer bedriuw FORU-Solution hopet ynkoarten in grutte oarder binnen te heljen út Saûdy-Arabië. FORU makket in masine, de Skimmer, dy't oalje opromje kin op see. De oarder is tige wichtich foar de takomst fan it bedriuw, dat al in pear jier besiket om fêste foet oan de grûn te krijen yn de oaljewrâld.

It idee foar de Skimmer ûntstie yn 1989, doe't yngenieur Wim Schuur fanwege de ramp mei oaljetanker Exxon Valdez betocht dat der in apparaat komme moast om oalje op te romjen op see. Schuur libbet yntusken net mear.

Mar syn ideeën binne fierder útwurke troch de beide direkteurs/eigeners fan hjoed-de-dei Bert Sibinga en Koos Tamminga. Sy leauwe hillich yn harren konsept. Foaral dat it apparaat hast gjin wetter opsûget en ek wurkje kin mei wetterslach, sjogge se as ûnderskiedend fan ferskate masines fan de konkurrinsje.

Test en oanpast

FORU, dat stiet foar Floating Oil Recovery Unit, hat de Skimmer de ôfrûne jierren ferskate kearen test en oanpast. Earst wie der allinnich in grutte útfiering fan twa-en-in-heal meter heech. Mar in lytsere en stik goedkeapere útfiering befalt folle better.

It testen fan it apparaat bart foar it grutste part op de kompjûter, omdat it testen yn wetter in soad ynspanning en foaral jild ferget.

De skimmer fan FORU-Solution - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hoe sit it no krekt mei de Skimmer?

Der binne oant no ta wol in pear Skimmers ferkocht. Mar lang net genôch. Dit wykein fleane de direksje en in tal meiwurkers fan FORU nei Saûdy-Arabië om te praten mei Aramco, de grutste oaljemaatskippij yn de wrâld.

Nei in pear demonstraasjes is dy tige ynteressearre yn de Skimmer. Se sil dy mooglik op alle tankers te sette. It soe in boppeslach wêze en tige wichtich foar de kontinuïteit en reputaasje fan it bedriuw, seit Tamminga.

Tiid foar sukses

It wurdt nei sân jier ûntwikkeling en sa'n fjouwer miljoen euro oan ynvestearrings út eigen middels en ûnder oare jild fan it Waadfûns en de Friese Ontwikkelingsmaatschappij, stadichoan ek tiid foar sukses fynt de direksje. Foar in goeie bedriuwsfiering wurdt mikt op de ferkeap fan sa'n 100 units yn it jier.

(advertinsje)
(advertinsje)