Ried Ljouwert lûkt twa ton út foar Neushoorn

04 apr 2019 - 01:02

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert kin rekkenje op in bydrage fan 200.000 euro ekstra fan de gemeente Ljouwert. In krappe mearderheid fan de gemeenteried stimde woansdei yn mei de bydrage. Wie dy bydrage der net kaam, dan moast der foar takom jier foars skrast wurde yn de programmearring. Ek soene der banen ferlern gean.

De ried stimde al yn mei in moasje fan D66, dy't easket dat der gau in ûndersyk komt nei in fúzje mei stedsskouboarch De Harmonie.

Der wie mar in krappe mearderheid foar de ekstra finansjele bydrage. Allinnich de fraksjes fan de PvdA, D66 en PAL/GrienLinks stimden dêrmei yn. Fan de oare partijen út kaam der in soad krityk.

Sa fine it CDA en de ChristenUnie dat Sealen Schaaf slute moat. De programmearring soe dan oergean moatte nei Neushoorn. It CDA fersette him, tegearre mei ûnder oare de VVD, earder ek al tsjin in ekstra bydrage foar Neushoorn.

Meiwurkers fan Neushoorn op de publike tribune fan de riedseal - Foto: Omrop Fryslân

Gearwurking De Harmonie

Fan de gemeenteried leit der no in dúdlike opdracht by de direksje fan Neushoorn en skouboarch De Harmonie: se moatte in plan meitsje oer hoe't se gearwurkje kinne. Wethâlder Sjoerd Feitsma: "It giet dan om hoe't se inoar fersterkje kinne en ek hoe't de backoffice fan beide organisaasjes gearwurkje kin. Sa moat it better wurde."

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de takomst fan Neushoorn

Personiel Neushoorn ferromme

Direkteur Yvonne Bleize fan Neushoorn is wiis mei de twa ton. Der komt no foarearst in ein oan in drege perioade. "Het personeel het afgelopen half jaar een lastige tijd gehad. Dat gaan we nu afsluiten en dan zetten we onze schouders er weer onder."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma prate mei Neushoorn-direkteur Yvonne Bleize

Mei de opdracht fan de ried kin Bleize wol mei út de fuotten: "Ja, daar kunnen we zeker wat mee. Dat hebben we ons al gerealiseerd in 2017. We werken alleen met een andere opdracht van de politiek en komen er nu achter dat dat niet gaat voor het geld dat we krijgen." It doel is dat Neushoorn in sintrum wurdt foar de ûntwikkeling fan talint.

Bleize twivelet oft in fúzje mei De Harmonie in soad opsmyt: "Ik denk niet dat dat de oplossing is. Als je twee organisaties laat fuseren die beide krap zitten, om zo geld te besparen, dan kan dat tegen gaan vallen. Als je het doet om meer inhoud te creëren en je meer waarde wilt maken voor de stad, ja, dan wel."

(advertinsje)
(advertinsje)