Frisia ûnderút yn kwartfinale distriktsbeker, Drachtster Boys as iennige Fryske klup troch

03 apr 2019 - 22:21

LAC Frisia 1883 is útskeakele yn de kwartfinale fan de noardlike distriktsbeker. De Ljouwerter amateurfuotbalklup ferlear op besite by VEV'67 út Leek mei 4-1. Tiisdeitejûn slagge it Drachtster Boys wol om de heale finale fan it bekertoernoai te berikken.

Foto: Twitter: VEV'67

De âldste klup fan Noard-Nederlân kaam noch wol op foarsprong troch in doelpunt fan Hidde Pater. De oanfaller liet de keeper kânsleas mei in skower yn de fiere hoeke. Lang koene de Ljouwerters net genietsje fan de foarsprong, want direkt nei de ôftraap kaam VEV'67 alwer op likense hichte troch Raymond Bolt. Dat like ek de rêststân te wurden, mar Frisiaan Douwe Wim Terpstra feroarsake yn de tredde minút fan de blessueretiid in strafskop. Dy kâns fan alve meter ôf waard benut troch Rense Dijk: 2-1.

Yn de twadde helte wiene der net in protte kânsen foar beide ploegen. Pas yn de 85e minút foel úteinlik de beslissing, doe't Arjan de Vries by in counter de bal oer de útkommende keeper Mitchell Timmer kopte. De Ljouwerters joegen dêrnei yn in 'alles of neat-offinsyf' in protte romte fuort, wêr't de thúsploech úteinlik mei in flugge counter troch Arjan Veenstra fan profitearre: 4-1.

Tiisdei kamen der ek al twa Fryske klups yn aksje yn de kwartfinale fan de distriktsbeker. BCV waard útskeakele troch in 3-1 nederlaach tsjin earsteklasser Winsum. It Burgumer doelpunt kaam op namme fan Yorn Sikkenk.

Drachtster Boys behelle as iennige Fryske klup de heale finale. Op besite by Flevo Boys 2 wûnen de Drachtsters mei 2-0 troch goals fan Rob Schokker en Sicco Bouwer. Yn de heale finale moat Drachtster Boys it opnimme tsjin it earste alvetal fan Flevo Boys. Boppedat pleatst it him ek foar it lanlike KNVB-bekertoernoai fan takom seizoen, dêr't ek de profklups oan meidogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)