IepenUp: 'Wurkjouwers yn Fryslân moatte nijkommers in plak biede'

03 apr 2019 - 22:19

Wurkjouwers soene wat mear iepen stean moatte foar nijkommers. Dat wie woansdeitejûn de konklúzje yn IepenUp live fan dizze wike. Flechtlingen mei in status en minsken dy't harren begeliede, fertelden dêr hoe wichtich oft it foar de yntegraasje is dat sy oan it wurk kinne of in taalstaazje dwaan kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Wurkjouwers sjogge der faak tsjinoan om in nijkommer oan te nimmen fanwege de taalbarriêre, kultuerferskillen en de tiid en begelieding dy't dat kostet. Mar wurkjouwers dy't der ûnderfining mei hawwe, sizze dat dat bêst tafalt.

"Ik denk dat je het gewoon moet doen, want als wij als werkgevers die ruimte niet kunnen bieden, wordt het alleen maar lastiger," seit de bedriuwslieder fan Grand Café Z, dy't in pear Eritreeske flechtelingen oan it wurk hat. "Als je het gewoon aandurft, en je gaat ervan uit dat het een investering is, niet alleen in geld maar ook in een persoon en een team, waarom zou je het dan niet doen?"

Martin Haak fan Visser Carosserie is it mei him iens. "Het is een meerwaarde voor het bedrijf, zo makkelijk is het niet om goede werknemers te vinden."

Trefwurden: 
IepenUP live nijkommers
(advertinsje)
(advertinsje)