Yn Noard-Fryslân is it goedkeap wenjen
Yn Noard-Fryslân hearre de wenlêsten ta de leechste fan Nederlân. Mei guon plakken yn de Rânestêd skeelt it wol 400 euro yn de moanne. Dat docht bliken út in trijejierliks ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) dat tongersdei ferskynt.
Yn Noard-Fryslân jouwe weneigeners yn trochsneed 864 euro yn de moanne út oan wenjen. Dêrby yn sitte de hypoteek en oare lêsten lykas gemeentlike belestingen, enerzjy en wetter.
It djoerste gebiet fan Nederlân is Haarlem en omkriten. Dêr jouwe wenningeigeners leafst 1.238 euro yn de moanne út, hast 400 euro mear as yn it noarden fan Fryslân.
Omrekkene nei ynkommen sit Fryslân reedlik yn de middenmoat. Yn Noard-Fryslân bygelyks giet sawat 29 prosint nei wenkosten. It heechste persintaazje is te finen yn eastlik Grinslân.
De wenlêsten dêr binne net perfoarst heech. Wenningeigeners yn dy streek jouwe yn trochsneed 910 euro yn de moanne út. Troch in leech ynkommen giet in navenant grut part fan it salaris nei wenlêsten.

Eva Meesterberends
Eva Meesterberends is datasjoernalist en dûkt graach yn de sifers. Se set grutte bulten data om nei begryplike en minsklike ferhalen.