FIDEO: IepenUp oer wurk en it finen dêrfan

In protte nijkommers kinne de Nederlânske taal wol prate. Mar dan komt de twadde stap yn it yntegraasjeproses: in baan. En dat falt net altyd ta, want it is dreech om wurk te finen yn Fryslân. Reden foar fragen yn IepenUp Live.

Oer IepenUp

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk. Yn it wyklikse praatprogramma IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker tsjinkomme en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.