Bouwmeester klimt yn Sofia Cup, olympysk ticket fierder fuort foar Postma

Marit Bouwmeester hat in goede dei efter de rêch yn de Prinses Sofia Cup. De Fryske sylster einige foar de kust fan Palma de Mallorca as tredde en alfde en klimt dêrtroch nei it fjirde plak yn it klassemint. Pieter-Jan Postma die mei in 17e en 26e plak minder goede saken.
© Sailing Energy / World Sailing
De 37-jierige Postma seach syn konkurrint yn de Nederlânske seleksjestriid om in olympysk ticket yn de Finnklasse, Nicholas Heiner, fierder útrinnen. De siler út Enkhuzen kaam as 10e en 25e binnen, mar mei dy lêste klassearring as minste resultaat ôflûke. Mei in totaal fan 31 punten nimt Heiner nei seis races it fiifde plak yn, wylst Postma mei in efterstân fan 30 punten op it 22e plak stiet.
De twa Nederlanners stride om ien olympysk ticket foar Tokio 2020. Nei de Prinses Sofia Cup en it EK yn Athene (13-18 mei) is de winner bekend fan dizze nasjonale seleksjestriid. Bouwmeester is yn de Laser Radial-klasse al wis fan in ticket foar de Spelen.
De wedstriden om de Prinses Sofia Cup by Palma de Mallorca duorje noch oant en mei sneon.