Transportsektor liedt needklok: 'Fryslân moat akwadukt Skarster Rien foarsjitte'

03 apr 2019 - 19:57

De provinsje moat it akwadukt yn de A6 by Skarster Rien foarsjitte. Dat fynt foarsitter Wessel Veenstra fan Transport en Logistyk Nederlân, ôfdieling noard. Veenstra stelt dat de transportsektor bot lêst hat fan de brêge. Simmerdeis stiet er wol tweintich minuten yn 'e oere iepen, wêrtroch't frachtauto's langere reistiden hawwe.

De brêge oer de Skarster Rien (A6, de fjouwerbaansdyk De Lemmer-De Jouwer) - Foto: Google Street View

Transport en Logistyk Nederlân (TLN) komt no mei dizze oprop, omdat de politike partijen yn Fryslân dwaande binne mei de formaasje fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. TLN fynt de A6 fan grut ekonomysk belang foar Fryslân. De brêge oer it Skarster Rien by De Jouwer is de lêste lege brêge tusken Grins en de Rânestêd.

"It is in obstakel yn in moai stik ynfrastruktuer. De brêge leit yn in wichtige ferbiningsrûte fan de Rânestêd út nei Grins, of miskien wol fierder, nei Dútslân of Skandinavië", fertelt Veenstra.

Foarsitter Wessel Veenstra fan Transport en Logistyk Nederlân oer de brêge

De TLN-foarsitter fynt it hiel ferfelend dat it Ryk gjin jild oer hat foar in akwadukt. Hy seit ek dat de sitewaasje sa't dy no is, geregeld ta ûngelokken liedt. Yn in perioade fan trije jier hawwe dêr sa'n tweintich ûngelokken west. Veenstra is wol bot te sprekken oer it nije knooppunt by De Jouwer. It ferkear streamt dêr no goed troch.

(advertinsje)
(advertinsje)