FIDEO: Frysk pear wenne acht jier yn Etiopië, hoe wie dat?
Gerard en Baukje van der Wal ha acht jier yn Etiopië wenne. Se binne dêr hinne gien om de ekonomy op gong te helpen en ha in goedrinnende ferpakkingsfabryk oprjochte. No't har trije jonge bern âlder wurde, ha se besletten wer nei Fryslân werom te ferhûzjen. Wer nei Bûtenpost, dêr't se foarhinne ek wennen.
Se hienen har bedriuw yn Debre Zeit, in drokke stêd, midden yn Etiopië, sa'n 50 kilometer fan haadstêd Addis Abeba.
Dêr siet ek noch in oare Fries, Jacob Nutma. Hy jout lieding oan Holland Dairy en is de grutste ôfnimmer fan de bekers dy't yn it fabryk fan Gerard en Baukje makke wurde. Sy folje de bekers mei yochert.