Ierdbeving yn Noardsee skean benoarden Skiermûntseach

03 apr 2019 - 19:29

Op de Noardsee hat woansdei in ierdbeving west. Dat meldt it KNMI op Twitter. De seeboaiem skodde om sawat healwei fjouweren yn rûchwei it gebiet skean benoarden Skiermûntseach en rjocht boppe Grinslân. It giet om in trilling mei in krêft fan 2,1 op de skaal fan Richter.

Foto: ANP

It is de earste kear dat yn dit diel fan de Noardsee de seeboaiem skoddet, meldt RTV Noord. It soe gean om de swierste trilling fan dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)