Mantelsoarchwike dei 3: frijwillich terminale mantelsoarch

Oerdei of midden yn de nacht: se binne der foar dy. Mear as 400 Friezen sette harren kear op kear yn as frijwillich palliative terminale mantelsoargers. Se helpe stjerrende minsken troch it lêste stikje hinne en fange de famylje op yn de swierste perioades fan it libben.
Petear FH Mantelsoarchwike dei 3: frijwillich terminale mantelsoarch
Dochs is it wurk wat se dogge by in soad minsken ûnbekend en dêr mei no wolris feroaring yn komme yn dizze aksjewike fan de mantelsoarch dêr't Omrop Fryslân de hiele wike oandacht foar de ferhalen achter de mantelsoarger yn hat.

In bysûndere bân yn twa oeren tiid

Riemke Dijkstra út Nyegea is al tolve jier frijwilliger foar de Vrijwillige Palliatieve Terminale Zorg (VPTZ). Dit hâldt yn dat soarchynstellingen, hospices of famyljes har ynskeakelje kinne as ien stjerrende is en Riemke bliuwt by dyjinge. "Wat ik doch foar de minsken is by eltsenien ferskillend. By de iene is it prate, drinken en iten jaan. Mar de oare kin hast neat mear en dêr makkest bygelyks de lippen even wiet."
Yn it hiele lân binne 11.000 frijwilligers aktyf dy't dit dogge. Riemke wurket sels foar de ôfdieling 'Súdeast-Fryslân' en komt foaral by de minsken thús. Se wurket yn in team fan tweintich minsken dy't allegear ferskate deidielen dit dogge. Ien fan de moaiste dingen dy't Riemke dwaan kin, is prate mei de minsken. "Somtiden hast al yn twa oeren tiid sa'n bysûndere bân mei de minsken. Do hearst in hiel soad ferhalen."
© Omrop Fryslân

Troch it rouproses hinne helpe

De minsken befine harren yn in kwetsbere sitewaasje yn harren libben. Net allinnich foar de neisten is it in konfrontearjend momint, mar ek foar de minsken sels is it dreech.
Riemke hat in soad ynteresse foar dit rouproses. "Ik haw in protte boeken lêzen fan Elisabeth Kübler-Ross oer dea en rou. En ik besykje der mei de minsken oer te praten."
Meastal binne de minsken der oan ta om te gean. Se binne klear mei it libben.
Riemke Dijkstra - frijwillige mantelsoarger
Riemke fynt it hiel bysûnder dat sy dit betsjutte kin foar famyljes. "Ik bin in soart fan ferlingstik fan mantelsoarch. Famylje is meastentiids swier oerbelêste. Dat is ferskriklik en se sitte sels ek yn in rouproses. Troch my hat de famylje even rêst."
Oft Riemke it dreech fynt dat se safolle minsken stjerren sjocht: "Meastal binne de minsken deroan ta om te gean. Se binne klear mei it libben. In inkelde kear is it wol dreech, mar dat heart derby."
repo frijwillich terminale mantelsoarch
Op in gegeven momint ha je alle popkes wol út de kast helle. Wy koenen net mear en wienen sa wurch de hiele tiid.
Wytske Wassenaar - mantelsoarger

"Wy koenen net mear"

Wytske Wassenaar is ien fan de minsken dy't Riemke en har kollega's hiel tankber is. Doe't har mem ein oktober longkanker krige, hat se mei har broers en skoansusters alle mantelsoarch op har naam.
Thússoarch waard dêrnei sawat seis kear deis ynskeakele om't har mem net mear foar harsels soargje koe. "Se koe net mear sels nei de WC, ite gong dreech. Se koe eins net mear allinnich wêze."
Wytske hat doe in skema opsteld sadat se om bar by har mem wêze koenen. "Mar op in gegeven momint ha je alle popkes wol út de kast helle. Wy koenen net mear en wienen sa wurch de hiele tiid."
© Omrop Fryslân

"It wie foar ús hiel weardefol"

Ein novimber hat se dêrom de frijwilligers fan VPTZ ynset, dêr't Riemke ien fan wie. Fiif frijwilligers fongen de gatten op dy't Wytske en har famylje net folje koenen. "Wy binne se hiel tankber. Fantastysk dat dizze minsken der binne. It wie foar ús hiel weardefol."
Wat miskien de sitewaasje noch in stikje bysûnderder makket, is dat Wytske lang net alle frijwilligers moete hat om't se yn tsjinsten delkamen. "De 'ûnsichtbere frijwilligers' neamden wy se ek wol." Se trof Riemke dêrom pas op de begraffenis fan har mem, dêr't Riemke hinne west hat.

Mear frijwilligers nedich

Troch de besunigings yn de thússoarch komt der hieltyd mear soarch by de famylje te lizzen en dat betsjut dat der hieltyd mear gebrûk makke wurdt fan Riemke en har kollega's. Op dit stuit hat de VPTZ Zuidoost-Friesland sa'n 25 frijwilligers. "Mar it soe moai wêze as wy der noch fiif oant tsien by krije", jout koördinator Hiske Bekkema oan. "Foaral yn de nachttsjinsten hawwe wy minsken nedich en alle bytsjes helpe."
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.