Doarpsbelang Ferwert teloarsteld oer sluten Dockinga College

03 apr 2019 - 17:28

Sjak Papma fan doarpsbelang Ferwert fynt it sluten fan it Dockinga College yn syn doarp tige spitich. "It docht sear," seit Papma. It pleatslik belang is benammen teloarsteld yn it feit dat de skoallemienskip gjin kontakt opnaam hat oer de sluting, wylst der wol ôfsprutsen wie takomstplannen te meitsjen.

It Dockinga College yn Ferwert - Foto: google streetview

Weismiten plannen

Yn 2018 wiene der neffens Papma ideeën om it behear fan in nij te bouwen skoalle mei de sporthal te kombinearjen. Der waard lykwols al ôfsjoen fan nijbou, yn plak dêrfan soe der in renovaasje komme. It doarpsbelang rjochte in spesjale Wurkgroep Underwiis op en makke mei de ynterim-direkteur ôfspraken om mei te tinken oan plannen.

"Om't wy ferline jier oare ôfspraken makke hawwe, komt it foar ús as in grutte ferrassing. Mei it Dockinga College en de iepenbiere en kristlike skoallen hiene wy plannen makke om de takomst feilich te stellen, dus dit is no wol in domper," fynt Papma.

Leech plak yn it doarp

Papma: "No't dy plannen net trochgeane, moatte de bern nei Dokkum of Sint-Anne fytse. Plus der komt in leech plak yn it doarp. Dat docht wol sear." It doarpsbelang seach just kânsen, no't it tal huzen dat yn it doarp te keap stiet, sûnt trije jier flink ôfnaam is. "Jongerein wol wol op it plattelân bliuwe, mar dan moatte der wol foarsjennings bliuwe yn de doarpen."

Dat mar achttjin learlingen harren oanmelde woene foar it nije skoaljier, is oanlieding foar de sluting. De skoallemienskip ferliest sa de oanfoljende subsydzje. Dochs werkent Papma de problemen, yn alle gefallen wat de fergrizing yn Ferwert oanbelanget. "De achttjin bern kamen al foar it grutste part fan bygelyks Hallum en Holwert. Dat der wat barre moast, wie logysk, sy sille de kosten wol ôfwoegen hawwe."

Sjak Papma fan doarpsbelang Ferwert

(advertinsje)
(advertinsje)