Fytskaike kwyt, man knock-out slein: seis wiken sel foar mishanneler

03 apr 2019 - 16:51

In ynwenner fan 31 jier fan Emmen is feroardiele ta seis wiken selstraf foar mishanneling fan in jonge út Drachten. Dat barde yn in snackbar oan de Súdkade. In twadde fertochte út Drachten krige in wurkstraf fan 60 oeren. It slachtoffer wie op dy dei yn septimber 2017 syn fytskaike kwytrekke en hie dêr lûdop oer klage.

Foto: Omrop Fryslân

De kleierij soarge foar argewaasje by de beide manlju út Emmen en Drachten. Bûten de snackbar sloegen se it slachtoffer sa hurd dat er út de tiid rekke.

De offisier fan justysje sei dat de saak eins te bespotlik foar wurden is en easke foar de haadfertochte trije wiken sel. De rjochter fûn dat net fier genôch gean en makke der seis wiken sel fan.

Trefwurden: 
fytskaike knock-out
(advertinsje)
(advertinsje)