Garion Mulder: "Fryslân is in moai plak, mar it is net thús"

03 apr 2019 - 16:48

Dat de regearing yn Amearika it fisum net ferlingje wol fan de Fryske famylje dy't dêr al jierrenlang buorket, komt hurd oan by de famylje Mulder. De famylje hat al sûnt 2001 in buorkerij yn Minnesota. Beide soannen binne opgroeid yn Amearika. Soan Garion Mulder is no yn Fryslân, omdat er gjin fisum mear hat.

"It is net noflik om yn de holle te hawwen, it is wol lestich," seit Garion Mulder. Neffens him hat de famylje net nayf west. "We wenje der achttjin jier en ha der de lêste fyftjin jier mei oan de gong west. It is net sa maklik. Hopest dat der wat feroaret yn de rin fan de tiid. Tsien jier lyn ha we ek al yn it nijs west en ferline jier ha we it ek wer besocht. De minsken thús witte no dat it folle slimmer is as dat de measten witte. It is no krap. Dus we ha net te lang wachte."

"Ik kin wol in fisum krije, mar dan moat ik mei-ynvestearder wêze yn it bedriuw. Dan moatst in diel fan wat it bedriuw wurdich is, meinimme en dat sit der net yn."

Petysje

Garion is werom yn Fryslân, om't er 21 wurden is. Ek de Amerikanen fine it net earlik dat de jonges net de mooglikheid krije om op de pleats fan harren heit te wurkjen. Der is in online-petysje opstart en dy is ûnderwilens al 31.000 kear ûndertekene.

"Ongelooflijk, dat hie ik noait tocht. Trije dagen lyn wie dat noch mar 2.500 kear. No't it yn it nijs west hat, giet it hurd omheech. Dat is posityf." Hy hopet dat er noch wer werom kin nei Amearika."Der is altyd noch in kâns, mar hoe, ik ha gjin idee, ik hoopje it wol."

Lûkt Fryslân net?

"Ja, de Súdwesthoeke is ek in moai gebiet, mar it is net thús. Ik fyn Nederlân en Fryslân wol in moai plak, mar it is net thús. Dat is Amearika, dêr bin ik opgroeid, dat is myn libben."

Garion Mulder

(advertinsje)
(advertinsje)