Nije fearboaten fan Doeksen sille op ierdgas farre

03 apr 2019 - 15:38

Rederij Doeksen hat in langrinnend kontrakt sletten mei in leveransier fan ierdgas as brânstof foar de nije fearboaten Willem de Vlamingh en Willem Barentz. De twa nije skippen binne boud yn Fjetnam. Se binne ûnderweis nei Harns om dêr ôfboud te wurden.

Foto: Rederij Doeksen

It doel is dat de skippen ien kear yn de wike foarsjoen wurde fan nij gas. Dat wurdt mei frachtauto's nei Harns brocht. Ierdgas jildt as in skjinne brânstof foar fearboaten.

De opdracht fan de beide fearboaten waard trije jier lyn jûn. De ferwachting is dat de skippen oan de ein fan it jier yn de feart naam wurde as ferfanging foar de Midslân.

Trefwurden: 
fearboat ierdgas Doeksen
(advertinsje)
(advertinsje)