Wurkstraffen foar mishanneling learling Seefeartskoalle op Skylge

Twa manlju út Katwijk binne woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta wurkstraffen foar it mishanneljen fan in learling fan de Seefeartskoalle op Skylge. It twatal, in 20-jierrige en in 24-jierrige man, hat de jonge yn septimber 2017 bûten in kafee oan de Torenstrjitte tsjin 'e holle trape.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De dieders hawwe harren neffens de rjochter skuldich makke oan iepenlik geweld. It slachtoffer waard tsjin 'e grûn wurke en troch de manlju tsjin syn holle trape. De jonge rûn in opsetten wang en flink wat strimen op.
De manlju út Katwijk wiene op it eilân fanwegen in kursus oan de Seefeartskoalle. Sy krigen beiden in wurkstraf fan njoggentich oeren en ien moanne selstraf ûnder betingst. In tredde fertochte siet op see; syn saak waard oanhâlden.