Undersyk nei Poalske F-16 nei ynsidint by Frisian Flag

Nei in ynsidint mei in F-16 tiisdeitemiddei op de fleanbasis Ljouwert wurdt ûndersyk ynsteld. Ien fan de Poalske dielnimmers oan de ynternasjonale oefening Frisian Flag kaam sa leech oanfleanen dat hy de apparatuer foar de ILS rekke. Dat is in systeem dat piloaten helpt by it lânjen.
In F16 © Shutterstock.com
It tastel rekke de boppeste triedden fan de antenne. It is net dúdlik hoefolle skea oft de Poalske F-16 hat. De Poalske loftmacht sil de rol fan de piloat ûndersykje. De skea is gau te reparearjen.
Ferline jier wie der ek al in ynsidint mei in Poalsk tastel. In MiG-29 lâne doe yn it gers flak foar de baan. Dat soarge fierder net foar skea.