Wyn gjin spulbrekker by put op 115 meter hichte yn Ljouwert

De Achmeatoer yn Ljouwert wurdt dizze dagen ûnder hannen naam. De minsken dy't dat dogge, moatte net benaud foar hichte wêze. De wurksumheden fine foar in grut part plak op it dak fan de 115 meter hege toer.
In koel putsje op hichte by de Achmeatoer
"We plaatsen een extra koelmachine op het dak van de hoogste toren van het Achmeacomplex. Die weegt 2100 kilo en kan niet niet met de lift en moet buitenom", fertelt Richard van der Ploeg.
Der stiet in flinke kraan, dy't 140 meter mjit as er hielendal útskood is. It is mei 500 ton net iens de grutste heechwurker fan it bedriuw, want twa jier lyn wie in ferlykbere put en doe is in heechwurker fan 700 ton ynset.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Richard van der Ploeg
It giet goed mei it wurk. "Gelukkig hebben we goed weer, de wind komt niet boven windkracht drie uit. Dat is mooi, want we zijn maanden geleden al begonnen met de planning. Verkeer moet worden omgeleid en vergunningen aangevraagd bij de gemeente. Als het te hard waait, is het risico te groot en hadden we alles moeten afblazen."
De mannen binne woansdeitemoarn om 5.00 oere begûn en nei alle gedachten is it wurk om 18.00 oere klear en wurdt de dyk wer frijjûn foar it ferkear.