Mantelsoarger Yvon fynt wykeinrêst as har man by Amaryllis opfongen wurdt

03 apr 2019 - 13:00

Ien kear yn de seis wiken giet Yvon har man in wykein nei it soarchappartemint fan Amaryllis yn Ljouwert. "Normaal pas ik 24 uur per dag op en doe ik alles voor mijn man. Als hij naar Amaryllis gaat, heb ik heel even de rust die ik nodig heb en kan ik mezelf ook weer opladen. Anders ga ik er zelf ook aan onderdoor."

Foto: Omrop Fryslân

Mantelzorg is 24/7 op iemand passen. Je kunt nóóit zeggen dat je het even niet doet!

Atie van Vliet, frijwillichster Amaryllis

Mantelsoarch is altyd wurk

"Mantelzorg is 24/7 op iemand passen. Je kunt nóóit zeggen dat je het even niet doet," fertelt frijwillichster Atie van Vliet. Sy wurket sûnt fjouwer jier by Wellzo en Amaryllis. "En dan is het fijn dat je even een moment voor jezelf hebt. Dat hebben mantelzorgers ook écht nodig."

Mantelsoarger Yvon stimt hjir mei yn. "Ik moet 24 uur per dag aanwezig zijn. Ik ben de hele dag aan het verzorgen, eten geven, medicijnen controleren en noem het maar op. Ik doe gewoon altijd alles."

Mantelsoarch moat net ûnderskat wurde. "Als mijn man slaapt, heb ik even rust, daarna gaan we weer volop door. Het is echt een dagtaak. Je kunt weinig anders doen. Ik doe de boodschappen wel, maar die doe ik vaak 's morgens als de buurtzorg er is."

Yvon en Atie van Vliet

Abbingahiem - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

'Respijtzorg' yn Amaryllis

"Mantelzorg is een 24/7 baan. Je kan nooit zeggen van ik doe het even niet. Als je een 9 tot 5 baan hebt kun je in je vrije tijd even naar het café, als je dat wilt. Dat kan bij mantelzorg niet," aldus Atie van Vliet.

Sy hat jierrenlang yn de soarch wurke en sprekt út ûnderfining. "Als je mantelzorger bent, ben je altijd afhankelijk van het feit dat je aanwezig moet zijn. Je kan niet altijd je eigen tijd indelen. Dat is de grootste belasting voor mantelzorgers."

Atie hopet dat mantelsoargers help sykje. Sy kinne dit ûnder mear fine yn de 'respijtzorg'. "Respijtzorg is vervangende mantelzorg en dat is enorm belangrijk. Respijtzorgers passen vaak een dagje of een weekend op, zodat de mantelzorger even zijn of haar rust kan vinden."

"Daarnaast hebben ze even tijd voor praktische zaken, zoals een bezoek aan de kapper of aan de tandarts. Mantelzorgers moeten af en toe wél die kans hebben dat ze iets voor hunzelf kunnen doen. Dan is vervangende mantelzorg enorm belangrijk."

In foarbyld dêrfan is it soarchappartemint fan Amaryllis. "Zodra je mantelzorger bent, ontdek je hoe belangrijk vervangende mantelzorg is.

"Mensen die altijd iets moeten, worden moe van het moeten. Als ze de kans hebben om dat te verdelen, houden ze het veel langer vol. Geestelijk is mantelzorg vaak zwaarder dan lichamelijk. Dat wordt vaak zomaar even vergeten."

Abbingahiem - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

De adempauzes moeten gewoon, anders sla je zelf door. Dat kost je ook je gezondheid. 

Yvon, mantelsoarger

"Een adempauze is echt nodig"

Mantelsoarger Yvon wit hoe wichtich oft de rêst is. Har man giet ien kear yn de seis wiken nei de 'respijtkeamer'. Dan fynt Yvon de rêst dy't se nedich hat. "Een keer in de zes tot acht weken gaat mijn man eens een weekend naar de respijtkamer van Amaryllis in Abbingahiem. Dan heb ik een weekendje adempauze. Dan heb ik even tijd voor mezelf. Dan kijk ik series, films, doe ik niks en staar ik voor me uit."

Atie fangt dan de man fan Yvon op. "In Swettehiem is het een beetje opvangen. Deze meneer wil graag even praten. Ik hoef daar niet zo hard te werken. Het bed even netjes leggen, afwassen en de kamer netjes houden als je er bent. Maar het belangrijkste is luisteren. Praten en luisteren."

Yvon hat de rêst yn dat unike wykein ek echt nedich: "Heerlijk die rust. Maar die is ook echt nodig anders sla ik zelf door. De adempauzes moeten gewoon, anders sla je zelf door. Dat kost je ook je gezondheid."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Trefwurden: 
Amaryllis mantelsoarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)