Studinte-orkest is útfanhûs yn Fryslân en spilet Jiskenhuzen wekker

03 apr 2019 - 12:54

In groep fan 50 studinten fan it Nederlands Studenten Kamerorkest, it Nesko, nimt dizze wike Jiskenhuzen oer. Ferskate lokaasjes yn it doarp, wêrûnder syl- en surfskoalle Neptunus, binne in wike lang de thúsbasis fan it orkest. De leden sille acht konserten jaan yn Nederlân en België.

Studinte-orkest is útfanhûs yn Fryslân en spilet Jiskenhuzen wekker

Utfanhûs

De muzikanten fan it Nesko binne útfanhûs troch hiel Jiskenhuzen. De studinten sliepe ûnder oare yn it doarpshûs en de âlde tsjerke oan de Bramerstrjitte, dêr't syl- en surfskoalle Neptunus fêstige is. "Ik heb het gevoel alsof we Idskenhuizen hebben afgehuurd," jout wurdfierder en muzikant Robin Schot oan.

Neffens it orkest is it faak dreech om in geskikte lokaasje foar it treningskamp te finen: "Maar iedereen werkt hier ontzettend goed mee, het zijn allemaal hele leuke mensen, het is een mooie plek en er is genoeg ruimte." It Nesko is dêrom bliid dat Jiskenhuzen al in pear jier ûnderdak foarsjen wol oan de studinten.

Konserten

It Nesko jout fan 7 oant en mei 14 april konserten yn acht grutte studintestêden yn Nederlân en België. Se oefenje dizze wike yn Jiskenhuzen en op snein 7 april is in konsert yn de roomsk-katolike Sint-Nikolaastsjerke yn Sint-Nyk. Dit konsert fungearret as in try-out foar it Nesko, mar is ek foar de minsken yn de omkriten fan Jiskenhuzen.

Op it programma fan it orkest stiet klassike muzyk fan grutte nammen lykas Brahms en Carl Maria von Weber. By it opstellen fan it programma is oandacht foar jong talint, lykas trompettist Tijmen van Tol. It orkest stiet ûnder lieding fan dirigint Sander Teepen. De leden fan it orkest sette twa wiken lang harren stúdzje oan de kant om meidwaan te kinnen.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Robin Schot

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie woansdeitemoarn ier en betiid yn Jiskenhuzen. "Het orkest heeft gisteravond tot in de late uurtjes gefeest, dus een groot deel ligt nog te slapen," sei de wurdfierder. Robin Schot spilet sels klarinet, en wie net te beroerd om mei syn ynstrumint de oare studinten wekker te spyljen yn de eardere tsjerke. De iennige Fryske studinte dy't meispilet, wie der ek by.

Robin Schot fan it orkest spilet de oare studinten wekker

Leden fan studintenorkest Nesko repetearje yn Jiskenhuzen - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mear ynformaasje oer de konserten fan it Nederlands Studenten Kamerorkest is te finen op harren webside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)