Yumé Ramos dochs by ONS Snits wei

03 apr 2019 - 12:44

Yumé Ramos giet nei dit seizoen by de seleksje fan ONS Snits wei. Dat hat de klup woansdei witte litten. De 32-jierrige spits hie hearder al twivels oft er wol by de ploech fan trainer Paul Ravenau bliuwe woe, mar hat doe dochs besletten om de twajierrige opsje te lichtsjen.

Foto: -

Ramos is krekt werom fan in lange blessuere en wol yn it lêst fan syn karriêre noch ien kear in oar aventoer sykje. De Technyske kommisje fan de Snitsers lit witte net bliid te wêzen mei it beslút fan de spits, mar seit it wol te respektearjen.

Yumé Ramos makke oant no ta 71 doelpunten foar de treddedifyzjonist út Snits.

Jeugdspilers ek fuort

ONS nimt ek ôfskied fan twa spilers út de jeugd. Tim Oosterbaan streamde in oantal seizoenen ferlyn troch fanút de jeugdalvetallen fan de feriening, mar hat dit seizoen in soad lêst fan blessueres. Hy is net yngien op in oanbod fan de klup om langer te bliuwen.

Chris Wijnja hat de TK witte litten dat it foar syn ûntwikkeling better is dat er nei in oare klup giet dêr't er oan spyljen ta komt. Hy wit sels ek noch net oft er trochgean wol mei fuotbaljen of dat er him rjochtet wol op syn stúdzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)