Stroomsteuring treft It Hearrenfean en omkriten
Troch in stroomsteuring is op in soad plakken op It Hearrenfean de stroom útfallen. Dat meldt netbehearder Liander. Nei alle gedachten sil de steuring om 13.30 oere hinne ferholpen wêze.
Ek omlizzende doarpen, lykas Oranjewâld en Aldskoat, binne troffen. Op Twitter kleie in soad minsken oer it feit dat se sûnder stroom sitte.