Learlingen fan Drachtster Lyceum dogge ûndersyk nei âld-learlingen
Learlingen fan 2 en 3 VWO fan Singelland Het Drachtster Lyceum ha in bydrage levere oan it jubileumboek fan de skoalle dy't dit jier hûndert jier bestiet. Se ynterviewden ûnder oare de âld-learling en wrâldkampioen reedriden Hilbert van der Duim en Tresoar-direkteur Bert Looper dy't ek yn Drachten op skoalle siet.
Sintraal stie de fraach wat fan de âld-learlingen wurden is. Dêrfoar moasten de learlingen fan no yn argiven sykje en ynterviews hâlde. Under begelieding fan de skiednisdosint ha se ûndersyk dien nei fjouwer âld-learlingen, dy't tsientallen jierren lyn op deselde skoalle sitten ha.
De portretten joegen in byld fan de âld-learlingen, mar ek in tiidsbyld. By de âld-learlingen sit ek bysûnder heechlearaar Dirkje Sjoukje Postma. Se learde op skoalle om troch te setten.
It jubileumboek is skreaun troch âld-dosint Joost de Vries.
Yn 1919 waard Het Drachtster Lyceum oprjochte as de Rijks Hogere Burger School (R.H.B.S.). Op 5 oktober 2019 stiet in reüny pland.