Afûk komt mei spesjale kursus foar minsken yn de soarch

03 apr 2019 - 12:07

De Afûk komt mei in kursus Frysk foar minsken dy't yn de soarch wurkje. Mei Frysk yn 'e soarch wolle se de soarchprofessional stimulearje om de Fryske taal te brûken. Yn seis lessen kinne kursisten yn eigen tiid en op eigen tempo in begjin meitsje mei it learen fan de Fryske taal.

Foto: -

Mei ûnderwerpen lykas it lichem, klachten útlizze en sûnens en previnsje is de kursus benammen geskikt foar elkenien dy't yn de soarch- of wolwêzenssektor wurket.

Taalgebrûk en kommunikaasje binne fan grut belang yn 'e soarch. Neffens de Afûk kin it ekstra foardiel opleverje as pasjinten harren memmetaal brûke kinne: de soarchfreger kin him/har better uterje en wit makliker de goede wurden te finen. Dêrneist fersterket it brûken fan de memmetaal de fertrouwensbân tusken pasjint en soarchferliener.

MCL

De earste kursisten út it MCL wei hawwe harren al oanmeld. "'In soad fan ús pasjinten hawwe it Frysk as memmetaal en wy fernimme dat it harren goeddocht om de eigen taal brûke te kinnen, minsken fertelle makliker wat der oan 'e hân is en wat de klachten binne", seit Frits Mostert, kommunikaasje-adviseur by it MCL.

11huisartsen

Ek de kampanje 11huisartsen, in inisjatyf fan de Friese Huisartsen Vereniging en de provinsje Fryslân, biedt de kursus oan, oan húsdokters dy't yn Fryslân komme wolle te wurkjen. "Wannear't it giet om emoasjes of gefoelige dingen, dan drukke de Friezen harren dochs it bêste út yn it Frysk. Dêrom fasilitearje wy nijkommers yn Fryslân graach om de digitale kursus Fries in de zorg te folgjen'', seit Hendriekje van der Meer, projektlieder fan de kampanje 11huisartsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)