Ferskate organisaasjes slaan hannen yninoar om bijestjerte tsjin te gean

03 apr 2019 - 10:52

Wethâlder Herwil van Gelder en Jans Helmers fan it Nordwin College hawwe woansdeitemoarn it saneamde 'Bijepakt' ûndertekene. It pakt komt fuort út it bijesympoasium fan septimber fan foarich jier. Mei it pakt wolle ferskate organisaasjes har ynsette foar it finen fan oplossings foar de bijestjerte.

In nije oanpak soe hurd nedich wêze. Ut Dútsk ûndersyk docht bliken dat it oantal fleanende ynsekten mei 75 persint drastysk ôfnaam is. Bijen en oare ynsekten binne lykwols tige wichtich foar ús fiedselfoarsjenning, de bloei fan planten en in sûn boaiemlibben.

It projekt Silence of the Bees freget oandacht foar dit probleem. It bijepakt is dêr ûnderdiel fan. Yn maart praten fyftjin oare Fryske organisaasjes al ôf om inoar út te daagjen om ferrassende oplossings te betinken foar de bijestjerte yn Fryslân.

Trefwurden: 
bijen pakt bijepakt
(Advertinsje)
(Advertinsje)