Unike fynst by Skylge: iuwenâld wrak fûn by oprêden guod MSC Zoe

By it opromjen fan de konteners fan de MSC Zoe is in bysûndere fynst dien. Yn de buert fan Skylge ha ûndersikers it wrak fûn fan in skip út 1536. Noch nea earder waard yn de Noardsee sa'n âld skip fûn. It skip wie hast noch folslein yntakt.
Wrak by Skylge
By de bergingsoperaasje waarden koperen platen en houten balken oantroffen, wêrnei't archeologysk ûndersyk dien is. De houten balken binne fan in skip fan nei alle gedachten 30 meter lang en sa'n 7 meter breed, dat de koperplaten ferfierde.

Ekonomyske wearde

En dat hie in ekonomyske wearde. "Die werden waarschijnlijk naar Nederland gebracht om koperen munten van te maken, die gebruikt werden voor de handel in de 16e eeuw", fertelt minister Ingrid van Engelshoven. "De bloei van de steden begon toen; men had munten nodig om te betalen. De bakker moest de schoenmaker betalen en omgekeerd en daar gebruikte men koperen munten voor."
It hout is yn 1536 kapt en it skip om 1540 hinne boud yn de Nederlannen. De koperplaten binne ek fan dy perioade en ha merktekens fan de famylje Fugger. Dy hiene yn de 16e iuw in monopoalje op koperproduksje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De minister waard op de hichte brocht troch ien fan har amtners: "Ik kreeg een appje, waarin stond: 'We hebben een heel bijzondere vondst, ik vertel je straks meer.' Gelukkig heeft de berger meteen Rijkswaterstaat en onze Rijksdienst geïnformeerd dat ze iets bijzonders vonden, zodat het zorgvuldig aan land kon worden gebracht en het onderzoek kon begonnen."

"Geluk bij een ongeluk"

"Deze vondst kan met recht een geluk bij een ongeluk genoemd worden", seit Van Engelshoven. "Tijdens het bergen van de containers is deze spectaculaire ontdekking gedaan. Ik ben heel nieuwsgierig naar welke informatie nog meer boven water gaat komen. Dat is ook het mooie van archeologie: het prikkelt je nieuwsgierigheid en voorstellingsvermogen. Ik vind deze vondst echt een verrijking van het Nederlands erfgoed."
Der lizze mear skipswrakken: sa'n 200. De measten komme út de Earste en Twadde Wrâldoarloch. Dy binne bekend, dizze fynst fan no wie net bekend. It eksakte fynplak wurdt net bekend makke. "Om te voorkomen dat het gestolen wordt. Daar doen we dus een beetje geheimzinnig over", seit Van Engelshoven.
Yn de simmer folget neier ûndersyk nei it skip. It wetter is dêr no noch te kâld foar. Dûkers sille dan sjen wat se noch mear fine kinne.
Neffens Gerald de Weerdt, bekend fan de bou fan de Willem Barentsz-replika en earder konservator fan it Behouden Huys op Skylge en it Maritiem Depot yn Lelystêd, soenen de fynsten wol in plak krije kinne op Skylge. "Als het in de wateren bij Terschelling is gevonden, dan zou het daar een mooie plek kunnen krijgen. Archeologische vondsten zijn staatseigendom en de Rijksdienst voor het Cultureel beheert dat. Maar ze kunnen wel zaken in bruikleen geven."
Hy is entûsjast oer de fynst, dy't neffens him nije ynformaasje ferskaffe kin oer hoe't skippen om 1540 hinne boud waarden. Hy nuansearret wol de histoaryske claim fan de minister. Yn Nederlân binne wol folle âldere skippen fûn as it wrak dat no oantroffen is by Skylge, bygelyks yn de Flevopolders, dêr't de Sudersee drûchlein waard. Mar dat sa'n âld wrak yn see oantroffen wurdt, makket de fynst wol bysûnder, sa seit De Weerdt.
Auke Zeldenrust praat mei de minister, ek Gerald de Weerdt komt oan it wurd
Skipsarcheolooch Alice Overmeer waard frege om it skip te datearjen en ûntduts sa dat it skip in glêde board hie. Overmeer: "Gladboordig betekent dat de planken aan de buitenkant strak naast elkaar zijn bevestigd. We kenden het van eerdere historische vondsten, maar nog niet uit zo'n vroege periode. Dat maakt het 't oudst bekende schip wat op deze manier gebouwd is."
It wie neffens Overmeer in gelok dat der sân op lei, sa is it hout net oantaast troch bygelyks pealwjirm.
Skipsarcheolooch Alice Overmeer oer de fynst
Maritym archeolooch Thijs Coenen hopet dat der takom simmer mear fan de skipsboaiem fûn wurdt. It tarieden fan in dûkekspedysje kostet tiid en der stiet op dit stuit noch te folle wyn. Oant dy tiid sille de Kustwacht en de Erfgoedynspeksje it plak yn it farwetter yn de gaten hâlde.
Maritym archeolooch Thijs Coenen
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.