Fêstiging Dockinga College yn Ferwert giet ticht

De fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert slút mei yngong fan kommend skoaljier de doarren. Dat hat de skoallemienskip yn in brief witte litten oan de âlden fan de learlingen.
© google streetview
Direkte oanlieding foar de sluting is it feit dat mar achttjin learlingen har oanmeld ha foar it nije skoaljier; it Dockinga ferliest dêrmei de oanfoljende subsydzje foar de skoalle.

Learlingetal

De ôfrûne jierren hat it Dockinga College yn Ferwert al bot lêst hân fan in delgong fan it learlingetal. It ûnderwiis is dêr al ferskate kearen op oanpast, mar dat waard neffens de skoalle hieltyd dreger.
Alden fan de lokaasje yn Ferwert wurde woansdeitejûn bypraat oer de gefolgen.

Wat foar lokaasje yn Ferwert is it krekt?

Fan alle lokaasjes fan it Dockinga College, en dat binne der fjouwer, is dy yn Ferwert de lytste. De skoalle hat no noch krekt wat mear as hûndert learlingen, mar dy kinne dêr wol terjochte foar eins alle rjochtingen. VMBO-berops learlingen kinne allinne de earste twa jier yn Ferwert ûnderwiis folgje, dêrnei moatte sy nei in oare skoalle. Havo/vwo'ers kinne harren ûnderbou ôfmeitsje yn it doarp en moatte dêrnei bygelyks nei Dokkum. Allinne de learlingen dy't de teoretyske oplieding dogge, VMBO TL, dy kinne yn fjouwer jier harren folsleine diploma helje op de skoalle.

Wat seit de skoalle sels oer de sluting?

De skoalle wol foarearst noch net folle sizze. De direkteur wol earst de âlden ynljochtsje en docht dat woansdeitejûn. Dan wurdt op de skoalle yn Ferwert in gearkomste organisearre en wurde de âlden bypraat. Ek de gemeente Noardeast-Fryslân is om in reaksje frege, mar ek sy wolle pas nei de gearkomste reagearje. Nei alle gedachten wurdt tongersdei in parsekonferinsje organisearre en wurdt dan mear bekend oer de krekte situaasje dêr't it Dockinga him yn befynt.

Komt dizze sluting no as in ferrassing?

It mei bekend wêze dat it Dockinga College yn in krimpgebiet leit. De skoalle hat al in skoft te krijen mei in ôfnimmend tal learlingen. Wat dat oanbelanget is it gjin ferrassing. Mar foar Ferwert is it wol soer, benammen ek om't dêr eins dit jier al in nije skoalle stean soe. Yn 2015 gie de gemeenteried fan doe noch Ferwerderadiel akkoart mei nijbou, om't de lokaasje fan no bot ferâldere is. Der soe in folslein nije skoalle komme, njonken de sporthal. De grûn dêr wie al bouklear makke.
No waard foarich jier stadichoan al dúdlik dat der te min jild wie; de boukosten foelen heger út as ferwachte. En de gemeente koe ek net bydrage, om't dy yn it weryndielingsproses siet. Yn in pear jier tiid is der dus in soad feroare, fan plannen foar in folslein nije skoalle yn Ferwert nei no de sluting fan de ûnderwiislokaasje yn it doarp.