Kollum: "Wintertiid"

03 apr 2019 - 08:42

"Ek al ha de diskusjes pas in pear dagen lyn west, dan is it net wenstich dat ik der hjir nochris oer begjin te âldehoeren. Dat hat ommers gjin doel. Jim ha alles goed lêze en hearre kinnen en jim bin grut genôch om der sels in stânpunt oan op te hingjen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

En dochs wol ik it no efkes ha oer dé diskusje fan ôfrûne wykein. Nee, net Ajax-PSV. Net Baudet. Net De Fryske Marren. Nee, wintertiid of simmertiid. It ôfrûne wykein moast de klok wer in oere foarút. We ha wer simmertiid, it waar paste him bjusterbaarlik oan.

Inkeld, we wolle dat gepiel mei de klok net mear. De aldermachtichste yn ús mienskip, de Europeeske Uny, hat no ek sein: we brûke aanst noch ien tiid en jim meie sizze at dat wintertiid of simmertiid is. Diskusje. Elkenien eamelet deryn om. Ik tocht earst dat it my net in moer skele kin oft ik no by tsjuster of mei ljocht myn skuon oan doch, want ik doch de fiters dochs net los en kin blyn mei in hakketrekker wurkje.

Mar ynienen, midden yn de nacht waard ik skril wekker. We kin ommers gjin simmertiid ha. Klimaatferoaringen, formalisme, te grutte belangstelling en Piet Paulusma lit ús dan wol twivelje oer al of net in Alvestêdetocht, simmertiid yn de winter sil him echt fermoardzje.

As sis mar op 12 jannewaris 2020 om healwei seizen it startskot klinkt yn de Alvestêdehal yn Ljouwert is it roettsjuster. Dat binne we wol wend. Mar betink wol dat de hjoeddeiske wedstriidriders hurder ride as as se ea dien ha.

Sûnder mis sil it foarbyld fan Fausto de Mareiros yn de Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 ek neifolging krije: in lampke op de reedridershelm. It wurdt moarns no ien dwarreling fan ljocht. De earsten dy't útfalle, ha gjin stompe of omklapte redens, mar sizze ferheard "myn lampke foel út". Ja, dan dogge je net mear mei.

Wis, dat earste ein hat altyd tsjuster west. Mar yn 1997 rieden de riders ek folle hurder as yn 1985 en dát wie yn febrewaris. Fausto foarop yn Balk en sa kamen se fan de Luts op de Holken. Eartiids waard it dêr ljocht. Yn 1997 noch roettsjuster. En je moatte om in hoeke, dat je sjogge net daliks de lampen fan de Galamadammen.

Se hienen dêr ek neat ophongen, ik soe ek net witte wêr't dêr de stekker yn moat. Elkenien stode witwêr hinne. Kânshawwer Peter de Vries botste op in peal en bruts syn skouderbonke. It wie in wûnder dat se net allegear it lampke fan Fausto folgen, want dy gie de ferkearde kant op.

Starum gie noch wol. Yn Hylpen wie lykwols it ljocht yn it stimpelhokje net iens oan, en sa krige Piet Kleine gjin stimpel. Se wiene fierstente let. De riders ride nó noch folle hurder en binne noch folle earder yn Hylpen, dan lizze se dêr noch op bêd. Net ien krijt in stimpel.

Tusken Warkum en Boalsert krigen de riders yn '97 wat mear sicht. Doe wie it tsjin njoggenen. Mar it duorre oan Harns ta foardat it echt ljocht wie. Mei de simmertiid binne we aanst noch in oere letter. Dus Boalsert en Harns ek noch tsjuster. Frjentsjer fier foarby, dan komt it ljocht der pas wat by.

De telefyzje hat dan inkeld noch mar passaazjes sjen litte kinnen. Se komme op de Blikfeart pas yn de wedstriid. Yn Hilversum binne al lûden dat tenei ien kameraatsje op de Bonke wol genôch is.

De toerrriders ha it noch folle slimmer. In oere langer tsjuster by de start. Je kinne je eigen fiters net iens sjen. En dan ek noch 20.000 oare harlekinen. As de Luts noch wetter is, fan Sleat werom nei Wâldsein en dan op de Ie tsjin elkoar ynride. Se ha net allegear in lampke. Der komme wis in soad ûngemakken fan.

Wy moatte as Friezen no oerein komme en de hiele Nederlânske befolking efter de Alvestêdetocht krije, en dan nei it Europeeske Hôf. Wintertiid. As we aanst op 27 oktober de klok wer efterút set ha, komme wy der nea wer oan. Ek net as alle oare idioaten yn de wrâld him dan op 29 maart 2020 wer in oere foarút sette. Wy net wer!"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)