Ferhuzing supermerk Heech giet net sûnder stjit of slach

03 apr 2019 - 07:58

Der is gedoch yn Heech oer de ferhuzing fan de COOP-supermerk yn it doarp. De supermerk moat ferhúzje, omdat it hjoeddeiske ûnderkommen oan de Koaldyk net mear oan de easken fan de tiid foldocht en te lyts wurden is.

De winkel bestiet út meardere âlde wenten, dy't der yn de rin fan de tiid by kocht binne. Dêrtroch is der in hiele lange nei de achterkant smellere winkel ûntstien.

Dat smyt neffens eigener Richard Langeland problemen op mei de ynrjochting fan de winkel. Ek kin er op it hjoeddeiske plak net mear útwreidzje, omdat der net genôch parkearromte is.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

We kinne troch de foarm fan de winkel totaal net effisjint wurkje.

Richard Langeland, eigner COOP Heech

Langeland wol in nije supermerk bouwe oan de Tollewei, neist it fersoargingshûs Talma State. Dat is in lytse ferhuzing fan sa'n 100 meter, mar it soe foar Langeland in soad ekstra romte opsmite. Al mei al soe der in winkel komme kinne fan sa'n 1.000 kante meter, mei hast sechstich parkearplakken.

Tsjinstanners

Mar net elkenien is like wiis mei de plannen. It plak dêr't de nije supermerk komme moat, leit al jierren braak, mar oarspronklik soe der in tritichtal apparteminten foar senioaren komme. Dy plannen binne oant no ta net realisearre, mar dochs is der noch in groep âldere ynwenners fan Heech dy't tinkt dat it noch altyd kin. Sy hawwe harren ferienige yn de aksjegroep Griis&Grien.

Tsjinstanners oan it wurd

Kommende tongersdei praat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân oer de plannen en nimt dan in beslút oer in wiziging fan it bestimmingsplan. Op dit stuit sit der noch in wenbestimming op, spesjaal foar dy senioarewenten, mar nei tongersdei soe der samar in winkelbestimming sitte kinne op de grûn.

Harkje nei eigner Langeland

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Griis&Grien hat al in pear kear mei de gemeenteried om tafel sitten om harren derfan te oertsjûgjen dat dat net barre moat. Neffens harren soe it betsjutte dat it doarp op slot komt te sitten. Trochdat de âldere bewenners fan Heech net ferhúzje kinne nei de apparteminten, bliuwe se langer yn harren hjoeddeiske wenningen sitten.

Dêrtroch kinne de jongeren fan it doarp, dy't op 'e syk binne nei in eigen wente, gjin plak fine. Boppedat soe de komst fan de winkel neffens harren foar in soad ekstra ferkearsdrokte soargje.

De Supermerk hat ek in grut tekoart oan parkearplakken - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Langeland hat al oanbean om op it plak fan de hjoeddeiske supermerk in tal apparteminten te realisearjen. Neffens Griis&Grien binne dat lykwols te lytse apparteminten.

It kolleezje fan B&W stiet achter de plannen foar de nije supermerk en it liket derop dat ek de gemeenteried mei in romme mearderheid foar de ferhuzing stimme sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)