Soarchkar wurdt beheind troch pgb-tariven

03 apr 2019 - 07:00

In hûshâldlike help, begelieding, deibesteging of de oanskaf fan in rolstoel: it kin allegearre regele wurde fia de gemeente of betelle wurde út it persoansbûn budzjet. By beide manieren is it wurk itselde, mar binne de tariven oars, wêrtroch't pgb-hâlders net alle soarch ynkeapje kinne dy't se wolle.

Foto: Omrop Fryslân

Belange-organisaasjes MantelzorgNL en Per Saldo kamen tiisdei mei in ûndersyk dêr't út bliken die dat in fjirde part fan de pgb-hâlders gjin spesjalisearre soarch ynkeapje kin. Neffens mantelsoarchmakelder Yvonne de Haan komt dit trochdat gemeenten oare tariven beheare foar in soarchynstelling dêr't se gjin kontrakt by ha.

"De gemeente heeft een aantal contracten met instellingen. Als iemand ervoor kiest om een andere zorgaanbieder te gebruiken dan geeft dit voor de gemeente meer administratieve rompslomp."

Dêrneist ha se gjin grip op de kwaliteit. De Haan: "De indruk bestaat dat ze dat liever niet willen en daarom minder geld beschikbaar stellen om zo een pgb te ontmoedigen Daarnaast is er in het verleden veel gefraudeerd met pgb en om die reden zou men ook terughoudend kunnen zijn."

Itselde wurk, mar ferskil yn jild fan gemeente

In foarbyld: Jan wennet yn de gemeente Opsterlân en wol graach húshâldlike help omt hy it lichaamlik net mear oankin. Hy hat dan trije mooglikheden: in ynstelling dy't in kontrakt hat by syn gemeente, in oare soarchoanbieder, of bygelyks syn buorfrou.

Foar de earste ynstelling by de gemeente is 22,20 yn it oere beskikber, foar de oare soarchoanbieder mar 19,98 en as syn buorfrou foar him himmelet, kin sy mar 5,55 krije. In grut ferskil, wylst it om itselde wurk giet.

Net allinnich de tariven foar de formele en ynformele soarchoanbieders ferskille, mar ek de tariven fan de gemeenten ûnderling binne hiel oars. Dat betsjut dat in soarchoanbieder yn de gemeente Weststellingwerf in heger taryf hat as ien út de gemeente Opsterlân. Wêrtroch't bygelyks in soarchoanbieder earder wurk oannimme sil yn Weststellingwerf, want dêr krijt er mear.

Ferskillen hûshâldlike help pgb per gemeente

Opsterlân Weststellingwerf
Soarchynstelling mei kontrakt 22,20 26,40
Soarchoanbieder sûnder kontrakt 19,98 23,76
De buorfrou 5,55 11,19

Yvonne de Haan is mantelsoarchmakelder. Sy helpt mantelsoargers om in goede balâns te hâlden yn harren libben. "Als mantelzorgmakelaar ben ik opgeleid in de hele wet- en regelgeving en weet ik de weg in het hele zorgstelsel en kan ik mensen daarin begeleiden. Ik ben als het ware hun gids", fertelt De Haan, Se hâldt har dwaande mei de burokratyske kant fan de soarch.

Mantelsoarchmakelder Yvonne de Haan

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)