Fryske famylje Mulder moat nei 18 jier fuort út Amearika
In lestige situaasje yn Minnesota, yn de Feriene Steaten. De famylje Mulder buorket dêr al sûnt 2001. De twa soannen binne opgroeid yn Amearika. Se wiene 2 en 3 doe't se der kamen te wenjen en se fiele harren ek Amerikaansk. Dochs kinne se net fierder mei de pleats fan heit Kor. Harren fisum wurdt net ferlinge.
De famylje kaam nei it lân mei in 'ynvestearringsfisum'. "Dat is in fisum datst elke fiif jier fernije moatst. En dêr heart by dat as de bern ien kear 21 binne, se sjoen wurde as folwoeksene en se net mear op dyn papieren steane. Dan moatte se werom nei it lân dêr't se berne binne", leit Kor Mulder út.
Ien soan is al werom nei Fryslân, omdat hy 21 wurden is. De oare wurdt takom simmer 21. It wie bekend dat dit barre koe, mar no't it safier is, komme ek Amerikanen foar de Friezen op. Se fine it net earlik dat de jonges net de mooglikheid krije om op de pleats fan harren heit te wurkjen. Der binne fan alderhande aksjes en in petysje opstarten en dy wurde massaal dield yn Amearika.
Ek politisy yn Minnesota begjinne harren der mei te bemuoien. Se sette harren yn foar de Mulders. Oft dat ek wat opsmite sil, wit Mulder net, mar der is wol wat mear hoop.
Ferkeapje is hast gjin opsje
De âldste soan is yn Fryslân, mar wol hiel graach werom nei syn heit en broer om te wurkjen op de pleats. Dat is no noch net mooglik. Foar Kor Mulder is dat tige emosjoneel. Hy kin, as syn soannen der net bliuwe meie, net fierder mei syn pleats.
Mulder is yn 2001 mei in trekker en wat lyts guod begûn mei de pleats. Hy hat no 340 stik fee, wêrfan 170 melkkij. Te lyts om personiel yn te hieren. Ferkeapje is hast ek gjin opsje. Werom nei Nederlân soe foar him finansjeel in ramp wêze, omdat de pleats net opleveret wat hy deryn ynvestearre hat.
In penibele situaasje dus. Dochs hopet Mulder dat alle publisiteit yn Amearika him noch helpe kin. Hy hat ek al praat mei lobbyisten yn Washington. Dy sizze dat it in dreech ferhaal wurde sil, mar Mulder fielt him sterke troch de grutte groep minsken dy't achter him stiet.
The American Dream
De Amerikanen yn syn omkriten sjogge yn him it foarbyld fan 'The American Dream'. De petysje foar de Mulders is al mear as 21.000 kear dield en ferskate media yn Amearika ha oandacht bestege oan it probleem.
Mulder heart ek in hiel soad ferhalen fan oare ymmigranten dy't mei itselde probleem sitte. Ek foar harren wol hy fjochtsje.