Iepen Mienskipsfûns keart jild út oan goed 300 projekten

02 apr 2019 - 23:08

Yn it fjirde jier fan it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje is jild útkeard oan 311 projekten. Dy ha allegearre as doel de leefberens yn de provinsje te ferbetterjen. Mei inoar binne der 450 oanfragen dien.

Foto: ANP

It Iepen Mienskipsfûns is yn 2015 ynsteld. It idee wie dat it fûns helpe moat by it meitsjen fan in 'sterke mienskip'. Sa waard it makliker makke om in subsydzje oanfraach te dwaan. Neffens deputearre Johannes Kramer hat dy oanpak fertuten dien: "Ja, perfoarst. We ha de ôfrûne fjouwer jier in soad lytse en grutte projekten mooglik makke. Fan hiel aardich oant grut en signifikant. Dat hat de provinsje al foarút holpen."

Súdwesten kin fûns net fine

Opfallend is dat yn it súdwesten fan de provinsje de minste oanfragen dien binne, Mar fan út de helte fan de doarpen yn de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân is in oanfraach dien.

Deputearre Kramer hat dêr sa net in ferklearring foar: "Yn de takomst moatte wy der goed skerp op wêze. In ferklearring ha we dêr sa net foar. Miskien is der gewoan gjin ferlet, dat kin. Mar it hat wol ús oanhâldende soarch om minsken op de hichte te hâlden fan de mooglikheden."

Op de Waadeilannen ha alle doarpen bydragen krigen fan út it fûns. Kramer: "Dêr hat elk doarp sa'n bytsje fiif kear in oanfraach dien, as je sjogge nei it oantal. Mar dat hâldt no sa'n bytsje op. Je sjogge dêr no in soarte fan oanfraachwurchens."

Nije oanfragen

Op 23 april kin der wer nije oanfragen dien wurde. Ek yn septimber binne der mooglikheden om subsydzje út it fûns oan te freegjen.

It fûns hat 17,6 miljoen euro útkeard oan subsydzje. Dat jild soarge foar in ekstra ynvestearringen fan 47,5 miljoen euro yn de leefberens yn de provinsje. Mei inoar ha 1144 projekten in provinsjale bydrage krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)