Yntinsivere gearwurking FUMO en Veiligheidsregio Fryslân

De Fryske miljeutsjinst FUMO en de Veiligheidsregio Fryslân sille yntinsiver gearwurkje. Tiisdei is in konvenant tekene troch de beide partijen. De gearwurking moat derfoar soargje dat kennis, ekspertize en it netwurk fan beide partijen mear bydrage sille oan bettere en dúdliker advizen oan de provinsje en de gemeenten.
© Jan Edwin Geertsma
Der kin neffens de direkteur fan de FUMO effisjinter wurke wurde. Se sille inoar mear op 'e hichte hâlde fan ynsidinten en inoar belûke by fergunningsoanfragen.
Binnen Veiligheidsregio Fryslân wurkje de brânwacht en GGD gear oan de brânwachtsoarch, publike sûnenssoarch, rampebestriding en krisisbehearsking. It FUMO set him yn foar in bettere libbensomjouwing.