Grien dak foar in enerzjyneutraal provinsjehûs

02 apr 2019 - 22:09

Mei isolaasje, sinnepanielen en it duorsum opwekken fan waarmte wol de provinsje yn 2025 enerzjyneutraal en selsfoarsjennend wurde. De kosten wurde rûsd op in sân miljoen euro.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ôfrûne tiid hat in advysburo ûndersyk dien nei de mooglikheden. Dúdlik is wurden dat in soad besparre wurde kin troch de gebouwen better te isolearjen. Ek wurdt sjoen oft der mooglikheden binne de provinsjale gebouwen oan te sluten op it Ljouwerter waarmtenet.

Gers op it dak foar isolaasje

Op de dakken fan it provinsjehûs yn Ljouwert is romte foar sinnepanielen. De konstruksje is net sterk genôch om safolle enerzjy op te wekken as dat der frege wurdt. Dêrfoar wurdt sjoen nei oare provinsjale gebouwen of stikken grûn dy't no net brûkt wurde. Mar de dakken kinne ek oars brûkt wurde. Sa moat der op it provinsjehûs in grien dak, dus mei gers of planten, realisearre wurde. Dat wurket goed as isolaasje en njonken dat is it ek goed foar ûnder oare ynsekten.

Deputearre Steaten wol de plannen no fierder útwurkje. Dat kostet 300.000 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)