CDA: 'gjin ekstra jild nei Neushoorn, mar Zalen Schaaf slute'

It CDA yn Ljouwert giet woansdei net akkoart mei in ynsidintele bydrage oan kultureel sintrum Neushoorn. De partij fynt dat it sa stadichoan op in strukturele bydrage begjint te lykjen. Der is neffens de partij al safolle yn Neushoorn stoppe dat it plafond berikt is.
Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De oplossing foar it finansjeel tekoart by Neushoorn is it sluten fan Zalen Schaaf, seit it CDA. Mei de sluting fan Zalen Schaaf bliuwt der mar ien kultureel sintrum oer yn Ljouwert. De programmearring fan beide lykje neffens harren in soad op inoar en dêrmei binne se konkurrinten fan inoar.
Ek soe Sealen Schaaf neffens it CDA ek ticht moatte, omdat it plak dêr't de seal stiet in wenfunksje hat. De buert hat tefolle lêst fan Schaaf fine se.