Eaststellingwerf wol pleatsen lytse wynmûnen wer mooglik meitsje
De gemeente Eaststellingwerf freget de provinsje om harren belied oer lytse wynmûnen op 'e nij te besjen en pleatsen fan lytse wynmûnen wer mooglik te meitsjen. Se dogge dat yn gearwurking mei oare gemeenten yn it súdeasten fan Fryslân.
De gemeente docht dit nei oanlieding fan ûndersyk nei mooglikheden fan lytse wynmûnen yn Súdeast-Fryslan. De provinsje hat in tebekhâldend belied op it mêd fan lytse solitêre wynmûnen, mar neffens Eaststellingwerf kin wynenerzjy in bydrage leverje oan de enerzjytransysje en oan duorsume enerzjy.