Jong Cambuur wint mei 6-3 fan Jong FC Eindhoven

Jong Cambuur wûn tiisdeitejûn de thúswedstriid mei 6-3 fan Jong FC Eindhoven. De ploech fan trainer Dennis van der Ree stiet dêrmei op de sânde plak yn de kompetysje.
© Omrop Fryslân
Yn de earste minuten fan de wedstriid fleagen de doelpunten Jong FC Eindhoven om de earen. Al nei acht minuten stiene de Ljouwerters op in 3-0 foarsprong, mar al rap folgen twa tsjingoals, wêrmei't Jong Eindhoven even tichteby kaam. Dat lieten de Ljouwerters lykwols net barre: de 4-2 stie al yn de 22ste minút op it skoareboerd en mei dy stân gongen se ek de rêst yn.
Yn de twadde helte bleaune se Jong Eindhoven de baas. Mei noch twa doelpunten en ien tsjingoal kaam de einstân op 6-3. Doelpuntemakkers foar Cambuur wiene Guezen (2x), Den Hoedt (2x), Van den Beemt en Akhamrane .
De Ljouwerters stean no op it sânde plak yn de lanlike kompetysje. Jong Hearrenfean stiet op it twadde plak. Jong Eindhoven is de hikkesluter.