Soad flecht op 'e koai foar ûndersykssjoernalistyk

02 apr 2019 - 20:28

Wat moat der no ris goed ûndersocht wurde yn jo omjouwing? Dy fraach stelt Omrop Fryslân yn gearwurking mei ûndersyksplatfoarm Follow the Money. De oprop stiet noch gjin dei online en no binne der al 61 ynstjoeringen binnenkaam by Follow The Money.

Foto: Follow the Money

Ek de regionale omroppen fan Grinslân, Drinte en Oerisel dogge mei oan de gearwurking. De bedoeling is om ek yn de regio saken boppe tafel te krijen, dy't miskien oars yn de dôfpot bedarren.

Arne van der Wal is ûndersiker by Follow The Money. Hy wol graach mei de regionale omroppen gearwurkje om't dy witte wat der regionaal spilet. "Wij hebben onze financiële expertise en de omroepen de regionale netwerken. Als we dat soort dingen combineren, kunnen we hele goed onderzoeksjournalistiek tot stand brengen", leit Van der Wal út.

Al 61 ûndersyksfoarstellen

Tiisdei kamen der al 61 ûndersyksfoarstellen binnen en dêr sitte hiele goede foarstellen tusken, seit Van der Wal. De REC yn Harns is bygelyks in tema dat ynstjoerd is, lykas wêrom't wy der net nei stribje om in spoarline oer de Ofslútdyk te meitsjen of wêrom al dy wynmûnen yn it noarden komme moatte. "Wij houden ervan om te kijken welke financiële belangen er meespelen. Mensen kunnen onderwerpen aanbieden, maar ook hulp, zodat we het samen tot de bodem uit kunnen zoeken."

Hast sels ek in goed idee?

Op dizze webside kinst dyn ideeën kwyt: https://www.omropfryslan.nl/pitchnoordoost.

Arne van der Wal fan Follow the Money oer de gearwurking mei de regionale omroppen

Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost ha begjin dit jier in oerienkomst sletten dêr't se struktureel gearwurkje sille op it mêd fan ûndersykssjoernalistyk. Troch dat mei elkoar te dwaan, kinst mear boppe wetter krije, dat is it idee derachter.

(advertinsje)
(advertinsje)