Folle krêft foarút: basketballers fan Aris op besite by Maximaskoalle

Yn de twadde ôflevering fan 'Folle krêft foarút' komme de basketballers fan Aris Ljouwert op besite by de Maximaskoalle yn Ljouwert, dêr't Bas Veenstra en de Amerikaan Nick Masterson in clinic jouwe oan de bern. De basketbalklup docht dit om mear sichtber te wêzen yn de regio, mar ek omdat se fine dat de Fryske jeugd te min beweecht.
Folle krêft foarút diel 2
De Ljouwerter basketbalklup jout sawat 50 clinics yn it jier oan skoalbern rûnom yn de provinsje. "Op jierbasis hawwe je dan mear as 1.000 bern. En dêrmei kinne je dan wat dwaan oan tema's as sûner libje foar bern en oergewicht", sa seit Sierd Dijkman, bestjoerslid fan Aris mei de maatskiplike rol fan de klup yn syn portefúlje.
De sûnens foar bern is net de iennige reden dat Aris de clinics jout. "We wolle ek gewoan graach dy hal fol ha. It Kealledykje moat elke wike eins gewoan útferkocht wêze. As basketbal binne wy in hiele lytse sport en dan is it belangryk om dy ek op dizze manier sjen te litten."
De skoalbern meie nei de clinic nei in wedstriid fan Aris yn de Dutch Basketball League ta. "En nei ôfrin hawwe se dan in 'meet en greet' mei de spilers en krije se hantekeningen. Op dy manier besykje wy in hiele bernfreonlike klup te wêzen."

Fan Aris 1.0 nei Aris 2.0

Dijkman sit net allinnich yn it hjoeddeiske bestjoer, mar ek yn it nije bestjoer dat fan 'Aris 1.0' graach 'Aris 2.0' meitsje wol. Neffens Dijkman moat de klup har dêrfoar noch mear op it maatskiplike rjochtsje. "Yn de wrâld rûnom ús sjogge we dat BVO's (betelle fuotbalorganisaasjes, red.) hieltyd aktiver wurde, dus wy sille sjen wat wy noch mear dwaan kinne om ûnderskiedend te wêzen."
Wat dy nije plannen krekt ynhâlde kin Dijkman noch net sizze. "Dy lizze noch op de tekentafel, mar we wolle foaral ús spilers noch mear ynsette as rolmodel foar de takomstige sportgeneraasje", sa seit Dijkman.
Yn de online rige 'Folle krêft foarút' folget Omrop Fryslân sân wiken lang alles rûnom de Ljouwerter basketbalklup Aris Ljouwert. Elke wike komt der op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app ien ôflevering online. De earste ôflevering, wêryn't bestjoersleden Johan Meijer en Gert Schurer folge wurde by harren lêste wedstriid by Donar, is hjir te besjen.