Michel Vlap ûnwis foar Feyenoord; Kik Pierie sjocht Ajax-útdaging wol sitten

02 apr 2019 - 18:44

Hearrenfeanspiler Michel Vlap hat lêst fan syn ankel en it is dêrtroch noch ûnwis oft hy tongersdeitejûn meidwaan kin yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Sherel Floranus hellet de wedstriid wierskynlik net. Hy foel moandei út by in oefenwedstriid mei Jong Hearrenfean. Hearrenfean spilet tongersdei om 20.45 oere yn De Kuip tsjin de nûmer fjouwer fan de kompetysje.

Yn ferskate media waard it al neamd, mar Kik Pierie sels befêstiget it ek: Ajax hat him melden foar de sintrale ferdigener. "Maar er is nog niks rond, nog niks zeker en er is nog geen handtekening gezet."

Mocht de deal tusken Hearrenfean, Ajax en Pierie rûn komme, dan is it noch mar de fraach oft de 18-jierrige Ljouwerter spylminuten kriget by Ajax. Mei oare wurden: is in transfer nei in klup as Ajax wol in goeie kar? "Als je naar een topclub in Nederland gaat of een topclub in het buitenland, dan weet je dat je moet vechten voor een basisplaats. Dat weet je. Maar misschien ben ik daar wel klaar voor. Ik denk dat het ook wel goed voor mij is als ik uitgedaagd wordt."

Hearrenfean prestearret út better as thús

De earste fraach oan trainer Olde Riekerink: "Bent u ook zo blij dat jullie weer uit spelen?" De Hearrenfean-trainer laket. "Nou nee hoor. We moeten ons in onze thuishaven altijd beter voelen." Feit is lykwols dat Hearrenfean dit seizoen noch mar trije kear thús wûn hat. De measte punten waarden helle bûten it Abe Lenstra Stadion: 22 fan 36 behelle punten.

"Ik kan me wel voorstellen dat de supporters denken dat een uitwedstrijd ons beter ligt. We laten thuis ook minder zien dan waar ik voor het seizoen op gehoopt had."

Foar de trainer jildt dat syn ploech net stabyl genôch is. As hy ien punt derút helje moat, dan is it druk setten. "We moeten leren beter gezamenlijk druk te setten. We moeten leren de tegenstander op de eigen helft onder druk te zetten. We zijn dan in de omschakeling het gevaarlijkst."

Pierie: "Organisatorisch staat het bij ons niet goed"

Hearrenfean hat njonken in probleem yn thúswedstriden ek it probleem dat it te folle doelpunten tsjin kriget. Hearrenfean hat nei 27 wedstriden al 59 goals tsjin. Mar fjouwer ploegen ha mear tsjin krigen.

Kik Pierie: "De eerste helft tegen Excelsior stond het bij ons goed, maar de tweede helft was dat helemaal anders. We zetten te weinig druk, waardoor Excelsior veel vaker de vrije man kon vinden en gevaarlijker werd. Het staat bij ons dat organisatorisch niet goed. Dat verwijt ik mezelf ook. Het kost veel energie, maar we moeten het dan achterin veel beter organiseren."

Sa koe it sels foarkomme dat Hearrenfean yn blessueretiid de 1-0 makket, mar Excelsior dochs noch in goede kâns kriget. "Dan zie je ineens dat we met twee man tegen drie man van Excelsior staan. Tja, dat kan natuurlijk niet."

Fermoedlike opstelling: Hahn, Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Rienstra, Vlap (Van Amersfoort of Kobayashi), Van Bergen, Lammers en Johnsen.

De wedstriid Feyenoord-Hearrenfean wurdt tongersdeitejûn live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio. Kommentator is ferslachjouwer Roelof de Vries. De wedstriid begjint om 20.45 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)