Kamp Amersfoort siket foto's fan finzenen út de Twadde Wrâldoarloch

02 apr 2019 - 18:29

Miskien hawwe jo boppe op souder noch in doaze mei âlde foto's lizzen? Of stiet der in fotolist mei in byltenis út oarlochstiid op jo skoarstienmantel? It is dan goed mooglik dat Kamp Amersfoort yn Leusden op syk is nei jo help.

Foto: Kamp Amersfoort

It konsintraasjekamp fan eartiids wol 35.000 finzenen, dy't út it hiele lân wei kamen, wer in gesicht jaan. Yn Fryslân en de rest fan Nederlân wurdt socht nei foto's fan de minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn it kamp sieten. Kamp Amersfoort hat dêrom de webside geefgevangeneneengezicht.nl lansearre.

Mei de foto's wurdt in fotomonumint makke dat yn it nije museum fan it kamp komme moat. It nije museum sil yn de maitiid fan 2020 de doarren iepenje. "We hopen dat iedereen die dit project omarmt nog één keer de zolder op kruipt of oude fotoalbums uit de kast trekt om ons te helpen de oud-gevangenen weer zichtbaar te maken", seit direkteur Willemien Meershoek fan Kamp Amersfoort.

Willemien Meershoek, direkteur fan Kamp Amersfoort

(Advertinsje)
(Advertinsje)