Ald kasboekje út 18e iuw dûkt op yn Aldegea
Nei twa en in heale iuw komt it kasboekje fan de tsjerke fan Aldegea, Smellingerlân werom. Dêr wisten se fan it bestean net ôf en it kaam dan ek as in ferrassing.
Ald kasboek tsjerke Aldegea
It jout in byld fan in tiid doe't Aldegea in ryk doarp wie mei adel, in state en in gerjochtsgebou en hoe't Aldegeasters yn de 18e iuw omgiene mei sinten en tsjerke. Utjeften en ûntfangsten fan de tsjerke stean deryn fan 1758 oant 1794.
It kaam yn Uithuizermeeden by in erfenis foar it ljocht. Troch in tip fan in lid fan de gemeente krige de mienskip it boekje fan út Uithuizermeeden yn hannen. Hoe't it dêr kaam is, is in mystearje.