Rekôrtal Fryske basisskoallen docht mei oan Nasjonale Bûtenlesdei

02 apr 2019 - 17:55

In rekôrtal fan 138 Fryske basisskoallen hat tiisdei meidien oan de Nasjonale Bûtenlesdei. Lanlik sjoen diene 2.500 skoallen mei. Op dizze dei jouwe leararen bûten les.

Bûtenlesdei

Ut ûndersyk docht bliken dat bern aktiver meidogge as se bûten les krije en dat it goed is foar de learprestaasjes en sûnens fan de bern. Ut in rapport út 2017 die bliken dat bern te min bewege en dizze bûtenlesdagen moatte dat feroarje.

Dit jier sille de bern seis kear nei bûten, ek mei min waar. Ien fan de Fryske skoallen dy't meidocht is De Stjelp yn Baard. Dêr sille de bern de eigen skoaltún yn. Dy is it ôfrûne jier opknapt en de learlingen ha der sels in plak dêr't se yn in oven bôle bakke kinne.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de bûtenlesdei fan De Stjelp yn Baard (1)

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de bûtenlesdei fan De Stjelp yn Baard (2)

(Advertinsje)
(Advertinsje)