Mantelsoarchwike dei 2: Jonge mantelsoargers

02 apr 2019 - 17:54

In part fan alle skoalbern groeit op mei in siik of beheind famyljelid en is dêrtroch meastentiids ek mantelsoarger, docht bliken út ûndersyk fan de GGD. It is in grutte en min te berikken groep. De aksjewike foar de mantelsoarch fan Omrop Fryslân moat dêr feroaring yn bringe. Yn de earste wike fan april komme op telefyzje, radio en ynternet ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar. Ien fan de ferhalen is fan de 19-jierrige Corné Struikmans. Syn heit hat in progressive spiersykte. Dêrtroch kin hy hieltyd minder sels dwaan.

Mantelsoarch wurdt net allinnich troch folwoeksenen dien. Der binne ek in soad jonge minsken dy't soargje foar famyljeleden lykas âlden, bruorren of sussen. De groep jonge mantelsoargers is likernôch 8 prosint fan it totaal oan soargjenden yn famylje- en kunderûnte. Dat betsjut dat in kwart fan de skoalbern opgroeit yn in húshâlding mei in siik of beheind famyljelid.

Ien fan harren is Corné Struikmans. Hy is 19 jier en wennet mei syn heit en mem yn Dokkum. De heit fan Corné hat de spiersykte Myotone Dystrofie. De prognoaze is dat hy úteinlik yn in rolstoel komme kin.

Foto: Simone Scheffer

Fan syn fyftjinde ôf helpt Corné mei yn de húshâlding. Dat is stadichoan hieltyd mear wurden. Hy docht boadskippen, de wask en helpt syn heit mei it tatsjinjen fan lucht of bygelyks it oandwaan fan de spalken by de skuon. Op it stuit nimt er in folweardige rol yn it húshâlden yn. As mem it drok hat dan helpt hy heit Gerard ek mei it oanklaaien, mar dat is yn prinsipe de taak fan mem Hermien.

Foar Corné is it lykwols gjin probleem. Hy fynt dat hy genôch tiid hat foar oare saken. Sa is hy graach oan it gamen en is jûns wol mei freonen op 'en paad. Hoe't it komme sil as hy aanst út hûs giet, dêr tinkt hy noch net sa oer nei. Foar mem Hermien is it dúdlik dat de situaasje dan wol feroarje sil. Se is tige grutsk op Corné. Syn âlden neame him harren wûnder, mar Corné fynt it allegear gewoan. It heart by ús libben.

It is net de bedoeling dat in soan foar in heit soarget, dat wie earst wol dreech te akseptearjen.

Gerard Struikmans, heit fan Corné

Njonken de mantelsoarch giet Corné nei skoalle. Hy docht in mbo-stúdzje yn de ICT. In drok bestean soene je sizze. Mar Corné fynt it wol wat tafallen. It is no ien kear sa, fynt hy. 'We moatte der mei libje', is syn motto.

Hy fynt it wol moai dat der oandacht is foar de jonge mantelsoargers. Sa wie hy ferline wike op in fundei. It wie moai om der ek mei oaren oer te praten. De âlden fan Corné fûnen it earst wol dreech om harren iennige soan te belêsten.

Foto: Simone Scheffer

De sykte fan heit Gerard is erflik. Corné wit sûnt syn 17e dat hy de spiersykte ek hat. "Ik woe der rekken mei hâlde kinne foar myn takomst. Ik wol net in berop dwaan dêr't ik miskien letter mei ophâlde moat, omdat ik de sykte ek ha en it te swier wurdt foar my", fertelt er. Dat er de sykte hat, fynt hy spitich. Mar ek dat makket him net fertrietlik of boas.

"Ik hie it leaver net hân, mar je moatte je libben liede sa as it giet. Ik kin der no wol by sitten gean en it ferfelend fine, mar ik libje no gewoan myn libben." No hat hy noch gjin lêst. As it safier komt, dan sjocht hy wol wer fierder. Dat syn heit achterútgiet fynt hy somtiden wol swier, mar ek dat draacht hy mei moed.

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Takom juny is foar de earste kear de lanlike wike foar de jonge mantelsoarger. Dan organisearje alle Fryske gemeenten mei-inoar aktiviteiten foar jonge mantelsoargers.

(advertinsje)