Wegebelesting takom jier mei 16 persint omheech

Minsken mei in auto betelje takom jier mear belesting. It giet om in ferheging fan hast 16 persint. It is ien fan de útgongspunten foar in nije begrutting fan de provinsje Fryslân foar 2020.
File © Shutterstock.com
Yn 2015 by it oantreden fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten is de belesting foar fjouwer jier ferlege. Dêrmei waard in ferkiezingsbelofte fan it CDA ynlost. Dy maatregel koste de provinsje 20 miljoen op jierbasis. Om't dy perioade no ôfrûn is giet de belesting takom jier wer omheech. Yn 2019 betelje je jierliks gemiddeld 185,60 oan opsinten foar in auto. Yn 2020 wurdt dit 227,11.

Subsydzje provinsjale ynstellingen omheech

Ut de begrutting wurdt ek dúdlik dat de subsydzje foar provinsjale ynstellingen omheech giet. De provinsje kiest foar in yndikaasje fan 2,25 persint. Ferline jier wie dat bygelyks mar 1 persint. De stiging is neffens deputearre Sander de Rouwe needsaaklik om t de ynstellingen bygelyks ek te krijen hawwe mei hegere leankosten.
Op it stuit wurdt op it provinsjehûs drok praat oer de foarming fan in nij kolleezje. De begrutting foar takom jier is dan ek net hiel ambisjeus, seit De Rouwe. "As der rap in nij kolleezje komt, kinne der noch saken oanpast wurde. Mar no moatte we echt oan de slach mei de finansjele plannen foar takom jier."