Provinsje komt mei strangere regels tsjin stankoerlêst

02 apr 2019 - 16:39

De regels foar stankoerlêst yn de provinsje wurde oanskerpe. It moat yn de takomst oerlêst foarkomme. Foar bedriuwen dy't no al in soarte fan miljeufergunning ha feroaret foarearst neat. Ek foar lânboubedriuwen wurde de regels net oanpast.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It meitsjen fan 'geurbelied' is dreech, sa seit de ferantwurdlik deputearre Michiel Schrier. "Niets is zo ingewikkeld als het meten van geur. Het is letterlijk mensenwerk. Mensen die een goed getrainde neus hebben en zo controleren wat wel en niet kan."

Dochs is nij belied nedich. It Ryk lit it oer oan de provinsjes en de gemeenten. Dy kinne lokaal folle better bepale hokker rook foar oerlêst soarget en hokker net. Schrier: "Wij maken nu beleid en sturen dat door naar de gemeenten. We hopen nu dat ze dat overnemen want dan krijgen we in Fryslân een éénduidig geurbeleid."

Trefwurden: 
provinsje stankoerlêst
(advertinsje)