Boargemaster oer stroomkosten: "As se wat wolle, dan moatte se ús oanspraaklik stelle"

De bal leit by de famylje Ploegstra sels. Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. De Ploegstra's, út Rottum, wenje op in pleats en sizze dat se 24 jier lang betelle ha foar al it stroom fan it transformatorhûske dat by har hûs stiet. "De gemeente is net ferantwurdlik", seit Veenstra. "Wy ha ús eigen rekkens betelle."
Stroomrekken boargemaster petear
Veenstra seit der wol by dat er it in lestige saak fynt. "Der is al sa'n soad bard. It is tryst, want ik sjoch minsken dy't hiel emosjoneel binne. Se sjogge kwealik in útwei, dus der moat dúdlikheid komme."
Allinnich is it wurd no dus oan de famylje Ploegstra, wat de boargemaster oanbelanget. "As se echt fine dat de gemeente ferantwurdlik is foar de skea, dan moatte se de gemeente oanspraaklik stelle. Dat kin mei in hiel koart briefke, mar dat is de ôfrûne jierren noch net bard."
Der is fan alles boppe wetter helle: mails, rekkens, alles.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren
Der hat de ôfrûne jierren al faker kontakt west tusken de famylje en de gemeente. "Der lizze tûzenen pagina's oan dossier", fertelt Veenstra. "Der is fan alles boppe wetter helle: mails, rekkens, alles. Se ha mei amtners praat dy't hjir al net mear wurkje, mei amtners dy't yntusken oare funksjes ha by de gemeente. Mar wat we ek boppe tafel helje: oeral docht út bliken dat de gemeente de rekkens betelle ha dy't se betelje moasten."
De Ploegstra's ha berekkenje litten dat de finansjele skea yn totaal mear as 200.000 euro is. "Mar ik kin de oarsaak dêrfan net oanwize", seit Veenstra. "It is in perioade fan 1991 ôf. Dat is dus al 28 jier en dêr komt no dit totaalbedrach út. Yn de earste fyftjin jier hiene se in florearjend boerebedriuw. Dat nimt ek stroom, dêr moatst rekken mei hâlde."
Der is noch in tredde partij yn it spul: netbehearder Liander. Dêr hat de famylje tsjin prosedearre, mar ferlern. "Ik ha ek begrepen dat se kontakt mei Liander hân ha om te freegjen oft sy de stroom dûbeld yn rekken brocht ha. Dat wie net it gefal."

Mystearje

Even mei-inoar sitte en prate dan? "Der is al in soad kofje dronken", seit Veenstra. "Ik ferline wike, eardere wethâlder Durksz wol faker. Dy hat ek by se thús west. Der binne al safolle minsken dy't har hjirmei dwaande holden ha. Soest it in mystearje neame kinne."